Masquerade Theater presintearret: Tsjoensters fan Ie

Yn 2017 stiet der wer een ferrassing op it programma, nammentlik: TSJOENSTERS FAN IE

Op dit stuit is in groep fan 25 jonge spilers drok dwaande mei it meitsjen fan de nijste foarstelling fan Masquerade Theater.

 

Nei it sukses fan de foargeande jierren komme Bianca Wiersma en Vera van Lierop opnij mei in ferrassend stik foar Masquerade Theater. It is skreaun nei oanlieding fan de ynbring fan de spilers en harren sels betochte personaazjes. De muzyk is wer spesjaal foar Masquerade Theater komponearre troch Vera. De Masquerade-band sil dizze muzyk live by de foarstellingen spylje, wertroch it in unyk en bysunder gehiel wurdt. Dit jier meitsje wy op in kreatieve manier gebruk, fan recycle materiaal fan kostuums oant rekwisieten en dekor.

Dizze foarstelling is tige geskikt foar publyk fan 4 tot 144.


Yn it lan fan Ie is in striid geande om de macht oer it lan. It liket oft de kweade kant oan de winnende han is. Mar hjir komt feroaring yn wannear der ynienen trije fremdelingen op besite komme. Harren unferwachte besyk stjoert alles yn it hundert. Al hielendal wannear sy help krije fan de Grutte Guchelder...


In ferhaal oer goed en kwead, werby bliken docht dat wannear asto dyn hert, harsens en goede moed brukst, it altiid wer goed komt.

 

 

Benijd??  Notear dan alfest dizze data yn jo aginda!

We spylje op:

Freed 7 july & sneon 8 july 20 oere foarstelling los,

snein *9 succes/minwaar opsje 15 oere los

Freed 14 july & sneon 15 july 20 oere foarstelling los,

snein *16 succes/ minwaar opsje 15 oere los


*9 & 16 komt op Facebook en op de site te stean wannear't die

troch gean

 

Kaarten kinne yn de foarferkeap kocht wurde fanof 10 juny by de Spar yn Kollumersweach
Bestelle kin fia:
masqueradetheater@gmail.com.

Of jo kinne skilje mei de MasqueradeTheater telefoan: 06-20102701

* Dit numer is berikber yn juntyd fanof 19:00 oant 21:30 oere.

Hald de webside yn e gaten foar de leste update.
Mar better noch... folgje us op Facebook & Twitter.
Dan bist der wis fan datst neat mist!!!

 

Masquerade Theater Jongerein is neat sunder har sponsoaren en de minsken dy us ploech in waarm hart tadrage.

Lans dizze wei wolle we jim allegear tanksizze foar jim bydrage. Hoe lyts of grut dizze bydrage ek is, sunder jim help wie it us net slagge!

Sponsor Product
HSB Volendam Hout en steigerdelen
Pompstra Zitplaatsen
Spar Kollumerzwaag
Kaartverkoop
van Seggeren Installatietechniek
M Wiersma Website & Hosting
F. Sangers Fotografie
A. van Lierop Poster ontwerp
J. Jager Reclame materiaal
Inferno AudioGeluidsapparatuur
R. de Ridder en K.J. de Groot Techniek
Staf Friesland
Sponsor
DDFK gemeenten
Sponsor
Douwe Kalma Stifting
Sponsor
Stichting Herbert Duintjer Fonds
Sponsor
Plaatselijk belang Kollumerzwaag
Diverse diensten en Sponsor
Facebook